|

Bêste besiker,

Sûnt 2007 is it doel fan dizze webside is om mei te helpen en hâld de gemeentlike weryndielings yn Fryslân tsjin. Wêrom? Dat is maklik: weryndielings binne nearne foar nedich. Sterker noch: weryndielings dogge mear kwea as goed, en foardielen binne der amper. Wy helpe hjir it ferset tsjin weryndielings foaral troch it jaan fan arguminten en beswieren tsjin de plannen foar weryndielings. Ut de gong fan saken yn de Súdwesthoeke hat lykwols bliken dien dat gemeentlike weryndielings net op basis fan arguminten ta stân komme.
By it kopke Arguminten en Beswieren fine je dêrom it wichtichste part fan dizze webside. As jo it hast net oan tiid hawwe dan freegje wy jo om dat yn elts gefal te lêzen.
Fierderop fine jo ek noch oare ynformaasje oer alderhanne kwestjes om weryndielings hinne. Sa is der bygelyks de rubryk Wisten jo dat.... en by it tabblêd Aktueel fine jo it ferneamde artikel fan Prof. Mr. Elzinga. Fansels kinne jo alle ynformaasje fan dizze webside frij brûke.
Mei freonlike groetnis,
De haadredaksje.
Mar earst efkes dit........
Foar dat jo fierder klikke wolle wy earst noch efkes it folgjende oan jo kwyt want dan sille jo ús arguminten en beswieren tsjin weryndielings better begripe. Yn Nederlân hat de gemeente ferskate betsjuttings / funksjes. De twa wichtichste funksjes fan de gemeente binne dit:
a. De gemeente is it bestjoer fan in lokale mienskip. As wy op dizze wize nei in gemeente sjoggedan is weryndieling in polityk fraachstik.
b. De gemeente is de lokale tsjinstferliener fan de oerheid. As wy op dizze wize
nei in gemeente sjogge dan is weryndieling in bestjoerlik fraachstik.
Yn diskusjes rinne dy twa funksjes gauris trochinoar. De ien hat it oer de iene funksje en de oar hat it oer de oare funksje. Faaks hawwe sy dat faninoar net troch. Us arguminten hâlde wol rekken mei de ûnderskate funksjes fan de gemeente. Us teoretyske arguminten gean oer de gemeente as it bestjoer fan in lokale mienskip en ús praktyske beswieren geane oer de gemeente as de lokale tsjinstferliener fan de oerheid. Klik no fierder nei it kopke Arguminten en Beswieren.
|
|
Nijs
Headlines » Maaitiid 2011: polityk stekt Skarsterlân in mes yn de rêch.
Headlines » Simmer 2011: Frjentsjeradiel krijt nije gefaarlike neoliberale boargemaster.
Headlines » Simmer 2010: ek de Earste Keamer is foar weryndieling.
Weryndieling giet blykber altiten troch.....ek al binne der 1000 arguminten tsjin.....

Headlines » Littenseradiel feilichste gemeente fan hiel Nederlân.
Headlines » Wize Mannen binne net wiis.

|